Lid wurde van Teatersnits..
Wźrom soenen jo lid wurde fan Teater Snits?
Der binne eins twa goeie redenen:
- Leden ha twa kear yn it jier frij tagong ta in toanielśtfiering
Teater Snits organisearret twa kear yn in winterskoft in toanieljūn. Of de eigen ploech of in oar selskip stiet op de planken fan De Walrus mei meastentiids in fleurich stik. Nei ōfrin is der noch efkes tiid foar in slokje en op sneontejūn kin der ek dūnse wurde. Oars sein: twa kear yn it jier in noflike Fryske jūn.
- Leden ha foarrang by de kaartferkeap fan de Bonte Sneeker Avonden
De Bonte Sneker Avonden komme fuort śt in inisjatyf fan Teater Snits mar binne bedoeld foar in breed publyk. En dat publyk dat is der, sa docht alle jierren wer bliken. Meast binne de kaarten yn in dei ferkocht.
Dat komt mei omt de leden fan Teater Snits in wike earder as de net-leden kaartsjes keapje meie.
Dat is dus de twadde goeie reden om lid te wurden fan Teater Snits:
je binne wis fan in plakje op it jierdeisfeest fan frou De Jong fan de Stienklip.
Hoe kinne je lid wurde fan Teater Snits?
Ek dat is net dreech. Efkes skilje nei Yede fan Dyk is genōch.
Hy skriuwt jo namme op e ledelist en klear.
Jo krije dan fansels de programmaboekjes foar de śtfieringen
tastjoerd en jo krije berjocht wannear de kaartferkeap fan de Bunte junen śteinset.
En jo krije fansels in akseptgirokaart. (noch leaver hawwe dat jo śs machtigje,
dan ha jo noch wy der wurk fan!)
Yede van Dyk syn telefoannūmer is 0515-416726.
As jo him in briefke skriuwe wolle: De Eker 56, 8604 VB Snits. E-maile kin ek: Yedevandijk@home.nl
.
Teater Snits is ūntstean troch in fśzje fan Krite Snits (sūnt 1850).
En it Snitser Frysk Toaniel (sūnt 1948).
Teater Snits fersoarget 2 kear yn it winterskoft in toanielfoarstelling (jannewaris en maart).
Ūnderdiel fan Teater Snits is ek de organisaasje fan De Bonte Sneeker Avonden,
wermei it teater/winterskoft iepene wurdt.
It lidmaatskip kostet 18,50 / jier.
Dermei kinne jo mei 2 minsken nei de toanielfoarstellingen.
De tagong foar de BSA sit hjir net by yn: derfoar freegje wy in bydrage fan 10,00 p.p.
As jo lid binne fan Teater Snits.
Krije jo earder gelegenheit om kaartsjes foar de BSA te keapjen,
foardat disse yn de frije ferkeap belānje.
De toanielferiening fan Teater Snits.
Is oansletten by it "Boun fan Fryske Toanielselskippen" yn Fryslān.
En docht elts jier mei oan 'e Kriich fan it Boun.
Yn it jier 2000 ha wy yn it kader fan Simmer 2000.
Foar it earst yn śs bestean in Iepenloftspektakel organisearre:
Goudsjeblom en Poddekrūd, skreaun troch Bertus Klazinga.
Yn 2006 ha wy de "Fanfare!" fan Bert Haanstra as iepenloftspul opfierd,
by de Stśverse brźge hjir yn 'e stźd.
(Sjoch ek de foto's yn it fotoboek).
Het Friesche volkslied.
|
Frysk bloed, tsjoch op! Wol no ris brūze en siede, En būnzje troch myn ieren om. Flean op! Ik sjong it bźste lān fann'ierde; It Fryske lān fol ear en rom. Klink dan, en daverje fier yn it rūn Dyn ālde eare, o Fryske grūn. Klink dan, en daverje fier yn it rūn Dyn ālde eare, o Fryske grūn.
Ompolske fan it hege sālte wetter, Fertroppe op in terp of stins Hien'd'ālde Friezen yn de wrāld net better. Har lān en frijdom wie har winsk. Klink dan, en daverje fier yn it rūn Dyn ālde eare, o Fryske grūn. Klink dan, en daverje fier yn it rūn Dyn ālde eare, o Fryske grūn.
Frjemd fan it jok fan frjemde hearen Faak earm, mar dochs sterk en frij Stoe de ālde Fries stānfźst by syn manearen Hy wie in Fries, in Fries stoar hy. Klink dan, en daverje fier yn it rūn Dyn ālde eare, o Fryske grūn. Klink dan, en daverje fier yn it rūn Dyn ālde eare, o Fryske grūn.
Troch waar en wyn, tsjin need en dea te striden Mei't gleone swurd yn d'iiz'ren hān, Wie wille yn dy fromme tiden, Wie 't foar de frijdom fan har lān. Klink dan, en daverje fier yn it rūn Dyn ālde eare, o Fryske grūn. Klink dan, en daverje fier yn it rūn Dyn ālde eare, o Fryske grūn.
Fan būgjen frjemd, en fij fan leave wurden Wie rjocht en sljocht har hert en sin. Hja beane om neat, mar mei de bleate swurden Stoen' s' alle twang en oerlźst jin. Klink dan, en daverje fier yn it rūn Dyn ālde eare, o Fryske grūn. Klink dan, en daverje fier yn it rūn Dyn ālde eare, o Fryske grūn.
Sa faak troch stoarm yn djippe see bedutsen Oerālde leave Fryske grūn, Waard noait dy taaie bān ferbrutsen, Dy Friezen oan har lān ferbūn. Klink dan, en daverje fier yn it rūn Dyn ālde eare, o Fryske grūn. Klink dan, en daverje fier yn it rūn Dyn ālde eare, o Fryske grūn.
Trochloftich folk fan dizze ālde namme, Wźs jimmer op dy ālders grut. Bliuw ivich fan dy grize hege stamme In grien, in krźftich duorjend leat. Klink dan, en daverje fier yn it rūn Dyn ālde eare, o Fryske grūn. Klink dan, en daverje fier yn it rūn Dyn ālde eare, o Fryske grūn. |
|