Iepenloftspektakel
·
Repetitie's fanfare
·
Informatie in het Nederlands
·
Fanfare
·
Fanfare! Komitee
·
Kleding Fanfare
Iepenloftspektakel
Teater Snits hat wat moais betocht foar de stêd. Yn oktober 2003 ha wy Rimko Haanstra: de soan fan Bert Haanstra silger oanskreaun mei it fersyk om de ferneamde film fan syn heit: Fanfare! bewurkje te meien foar in iepenloftspul hjir yn Snits. Ús stêd mei syn wetter en grêften lient him by útstek foar sa’n spektakel tochten wy, en nei in lyts skofke…….. skille Rimko optein werom en skinket ús it byldrjocht; hy hie eins mar ien betingst: dat hy en syn broer Jurre it risseltaat bywenje meie. Wy fielden ús úteraard hiel fereard en neidat we it skript krigen, binne wy as selskip hjir entûsjast mei útein set.
It skript is yn it frysk bewurke troch de toanielskriuwer Bouke Oldenhof fan de Tynje. Oldenhof hat al hiel wat produksjes op syn namme stean, werûnder de grutte spektakelstikken “Abe” en “King Lear”. Oldenhof is deryn slagge om hiel ticht by it filmsenario fan Fanfare te bliuwen, mar hat dêrnjonken in tal effekten tafoege wêrtroch it iepenloftspul syn eigen glâns krije sil. Om de striid tusken de fanfareleden in ekstra lading mei te jaan, hat ús eigen stêdsdichter Henk van der Veer in diel yn it Sneekers oerset: net ien dy’t him dat ferbetterje sil. It is oan regisseur Wiesje Jansma-de Vries om der in moai toaniel- en muzykspektakel fan te meitsjen en dat is har wol tabetroud, omt sy yn de ôfrûne jierren in soad erfaring opdien hat mei toaniel yn ‘e iepenloft. Sa wie se belutsen by û.m. de iepenloftspullen fan Minnertsgea en Ysbrechtum.
FANFARE! Fanfare waard yn 1958 as film útbrocht troch Bert Haanstra. It waard in grut sukses yn it Nederlân fan foar de tillevyzje. Albert Mol en Hans Kaart spilen de haadrollen yn de komeedzje dy’t opnommen waard yn it idyllyske Giethoarn. De twa pleatslike kroechbazen kinne it net sa goed mei-inoar fine en dêrtroch falt it pleatslike muzykkorps útinoar yn twa helten. Hokker ploech hat rjocht op it findel en de ynstruminten en wa fertsjinwurdiget Lagerwiede op it grutte konkoers? De boargemaster mingt him yn de striid en ek de dirigint spilet net swak by. En dan is der fansels noch in leafdesferhâlding tusken in kastleinsdochter en in plysjeman….Ek foar it wetter is der in grutte rol weilein. Spanning, muzyk, moaie plaatsjes en in protte wille.
Yn earsten wiene beide korpsen: it Stedelijk Muziek Corps en De Harmonie hiel entûsjast en seine harren meiwurking ta, mar úteins is De Harmonie ûnder lieding fan harren nije dirigint Jouke Hoekstra oerbleaun. De Harmonie is ek in echt fanfarekorps fansels en it ‘Stedelijk’ is in Harmoniekorps: it liket wol in Babyloanyske spraakbetizing.
Hawar, we ha in pracht fan in lokaasje útsocht dêr by de brêge fan “De laatste Stúver” en binne drok dwaande mei de tariedings. De bewenners ha allegear harren meiwurking tasein en dêr binne we tige bliid mei!
Foto's van de repetitie's van Fanfare







|