Teater Snits, selskip foar frysk amateurtoaniel

Thûs
Selskip / Organisaasje
Toanielprogramma's
Iepenloftspektakel
Bonte Sneeker Avond
Argyf
Gastenboek
Trochferwizings
Kontakt

Alde toaniel voorstellingen  ·  Foto's  ·  Ald Nijs  ·  Skiednis  ·  Bonte Sneeker avond

Ald Nijs


BSA

 
10 de Bonte Sneeker Avond- Jubileumûtfoering.
 
Massaal kwam de jaardachsfesite naar de Walrus:buten oppe stoepe werd der al metsongen oppe klanken fan Liewe v.d.Pol en syn maten:
De sfeer sat er al gau in. Om 19.00uur gau naar binnen-eerst Frou de Jong felisitere,dy't er ó sú kreas opstôn met hur nije kreasy van Jari.
En dan fluch un plekje fooran soeke.....en dan mach ut feest beginne!!
En ut werd un feest:foor de fesite maar ok foor alle medewerkers en artiesten:
Ut thema fan dit jaar was natuurlijk de polletyk. Dat kon niet útbliëve.
Jan as lijsttrekker fanne RKP de Roekoerdische party en Bertus as lijsttrekker fanne TROS: Trots op Sneek.
Se hadden elk 10 prachtige ferbeterpunten foor de stad opsteld: fan un hele-halve wust op saterdach bij de HEMA tot an un Happy-uur fan 20.00- 21.00
inne kroegen. Na de nipte winst fanne TROS stak Mollu hur ok in ut "nij"....as Bea Bavaris, want Bertus sû nou goëd geld ferdiëne kanne.
Tsja en at Heabeltsje dan un sakdoekje soekt in hun taske omdat se ferkouden wudden is, en se fynt dêr hur ferdwaalde stembiljet....
Dan flïegt Jan naar Manon Thomas om it biljet mettelle te laten.
 
Aksy slaagt wel,maar ûteinluk bliëft alles bij ut oude,want de beide lijsttrekkers foële sich toch niet echt thús dêr by dy pommeranten fan ut Stadhûs.
Heabeltsje fynt ut ok wel mooi, dat de rust wederkeert oppe klip.
At Henk v.d.Veer fynt, dat Apotheker disse Sneker Diva wel es besinge kan, dan bedinkt Hayo sich niet één keer. Tegare met Kees Poiesz singt ie oppe
melody fan ut bekende Woanskip disse bekende sneker bufer toe:prachtich fesitekaartsje fan disse interimpaus en Heabeltsje wudde der feselluf weer
emosjonaal fan!! Dat kan ok niet anders.
 
Tot slot kregen we te horen dat disse 10de keer gelyk de laatste keer inne Walrus weest is:
Ut gaat de beide mannen Bas en Arjen fan disse horekasaak foor de wyn en dus salle se útbreide.
Jamer foor de BSA-organisasy,want sun plakje in hartsje Sneek fyn je niet gau weer.....un ferhúzing staat foor de deur.
Wie su frou de Jong met hur jaardachsfesite hewwe wille? Teater Snits het der weer aardich wat nije leden bijkregen,maar meer as 8 avenden kanne we
haast niet make foor al dy frijwilligers dy't sich insette foor disse avend.
Un groatere saal is miskien un oplossing?" We salle siën: "komt tyd,komt raad" sei myn moeke altiten.
 
 
Nog es: HULDE aan alle frywilligers dy't jim niet siëne, maar dy't bergen werk fersette!!!

 

 

 

 


 

 

 

De BSA 2008 sit er weer op.

Ut het un heel ‘och heden’ weest dit keer: omdat ut un tydlangniet regend het siët buurfrou Peereboom der dak wit fan de skiterij fan Jan syn dúven. Se het un aanklacht ingediënd en ging met un lijst bij de deuren langs om te sorgen dat Jan ‘Ophok’ krije sal.

Jan inne put feselluf: op syn gekst mut-ie ferhúze en Heabeltsje sat er ok met want se wil hur mantelfersorger niet kwytrake…..Bertus en Molly binne toen met ut spoor (GPTV) naar ut regeer toeweest in Den Haag om ut foor Jan op te nimmen.Un fergese reis, want se binne der niet feul wizer fan wudden.

At de noad op syn hoochst is, belt Buurfrou Peereboom naar Heabeltsje om te sêggen dat de gebr,. Jankert & Jankert hur adfisere om alles maar te skikken, want ut Toga-taryf is ok gien kattedrek.

Úteinluk komt alles dan weer goed, want Piet Paulusma hadde ok noch un hoasbui hangen…..sùdoënde regende ut dak fan Peereboom in iën avend weer skoan en kon de jaardach fan Heabeltsje ongestoard syn gang gaan met de moaie sketches fan stadsdichter Henk vd.Veer, de Abba-ferskes fan de Snitser Sisters, ut antieke ondergoëd fan Wietse van Houten, de moaie sang fan un ferkouden thúshulp, maar o sù andoënlukke Hieke vd.Akker, ut Nasi Goreng lied fan Pak Warno (oftewel Goerge Gill), oanse moaie Djonny met syn ‘Must es hoare’ en de meerstemmige onfolpresen Heilige Boantsjes (terug fan weggeweest).

Heabeltsje hur bêd was tenende en se is naar Metz weest op ut Groatsaan om e.e.a. út te prebearen – se leiden sù lekker die bêdden dat se inne etalaasje wakker wudden is….!

Gelukkich hadde Jan by de Kringloop noch un stalen ledikant oppe kop tikke kannen wat de 1e 50 jaar bestand is teugen de houtwurms.

Nou kon Heabeltsje weer un goeie nachtrust make feselluf en se is fut-en-daluk op daansles gaan met ene Harm…….stiekem droomde se wel fan Rudolf Vergenot en Sjors Kloany, maar as hur eigen Janneman in rokkostúm foor hur staat en un engelsewals met hur draait, dan smelt Heabeltsje helegaar feselluf. At Jolanda Vergonet hurren beide dan met un daansspeld onderskeiden het, dan kan dizze jaardach niet meer stuk!

----Tot slot en tot ieders ferrassing kwam oans eigen Frekie ter Skuur noch even langs met syn lied "Twee ogen so blauw": het faste fersoeknummer fan frou de Jong fanne Klip. .

BSA 2009 in ut teken fan de Sneker Mafia
 
De Bonte Sneker Avenden binne wear achter de ruch. Wat un súkses en wat un entûsiasme ok dit jaar wear. Mear as 2500 minsen kwamen bij Heabeltsje de Jong op'e jaardach, wêronder ut groatste gedeelte fan ut Sneker Gemeentebestuur. Ut feestje fan Sneker Diva nummer 1 is un ideale plak om je onder ut fòlk te begeven. Roaie draad in ut programma was dit jaar de Sneker Mafia dy't un ilegale wietkwekerij op de Stienklip had. Uteraard weet Frou de Jong nergens fan, mar foar Pereboom het ut spul lúzen. Uteraard wurdt de aktualiteit fan de Sneker gemeenskap nyt út de wech gaan en krije de bestuurders en beleidsbepalers fan de stad krityk en kommentaar. Skerp mar nergens onder de gordel, dêr mut Frou de Jong niks fan hewwe. Nyt allienech in de woankamer fan Frou de Jong was ut acht avenden feest, ok achter de skermen un prima sfear. De foarbereidingsgroep, de auteurs, de schminksters, de minsen fan licht & gelúd hewwe hun ( frijwillegers-) werk met ferve deen. Al met al un hearleke happening. Op naar ut 10-jarech júbileum fan folgend jaar!
 
hvdv
 
Foto's van de Bonte Sneker Avend kanne jimme sien in ut fotoboek.
Klik un foto aan en hij wurd automatisch vergroot.
Dan klik je op folgjende en dan komt automatisch de folgende te voorskien.
Veul plezier met kieken!!
 
Rudina van Solkema
 
Frouw de Jong
 




 

 

 
Concert
 
Campingkonsert fan teater Snits grut sukses


De lêste donkere wolken lutsen krekt oer doe’t foarsitter Klaas Visser fan toanielferiening Teater Snits in unyk iepenloftkonsert iepene op Camping Pasveer yn Loaiïngea. Fergees, mar it publyk moast wol soargje foar eigen stuollen, hie op de affiches stien. Gjin probleem. Yn ’e auto’s wie genôch plak. Fleurich fytste mannich fytser mei stoel yn ’e hân of efterop it sitsje it hiem fan de famylje Hoekstra op, de eigners fan de camping.
Wylst de auto’s op de Ljouwerterdyk monotoan foarby stoden, stiene en sieten 300 minsken om trije oere klear foar it konsert. Spesjaal foar dizze gelegenheid hiene de Snitser Fanfarekorps de Harmonie en de kristlike muzykferiening Concordia út Drylts de hannen yn inoar slein. It gehiel stie ûnder lieding fan dirigent Jan Hibma.


Mei soarch hie de organisaasje socht foar in passend dekor. Wylst oan ’e iene kant fan it ynstekhaventsje it publyk siet, siet dêr rjocht foaroer it korps mei dêrachter in platboaiem mei brune seilen. It lytse boatsje dat foar it korps yn it wetter lei, wie ornearre foar dichteres Yva Hokwerda en sjonger Gerrit Breteler.
It korps dat twa jier lyn noch mei teater Snits meiwurke hie oan it iepenloftspul Fanfare, sette út ein. It wie troch de stûve wyn net maklik spyljen, mar lokkich holden de knipers de measte partijen goed op de lessener.
Bysûnder wie de bydrage fan Yva Hokwerda, dy’t tusken de muzykwurken troch foardroech út eigen wurk Eins wie dat har pseudonym ferklapte se daliks. ,,Gewoanwei bin ik Ytje Hoekstra en ik bin hjir op ’e buorkerij grut wurden." De ferzen dy’t se foardroech, hiene dan ek allegearre te krijen mei har jonge jierren op ’e pleats. Wylst de sinne trochbruts, ferhaalde se oer har heit, oer har langstmen en har ferlerne jonkheid.

Subsydzje

Minsken lûke minsken. Nei it skoft, de jassen koene ûndertusken noflik út, wiene der hast fiifhûndert minsken fan ’e partij om te harkjen nei it twadde part fan it konsert: Gerrit Breteler en pianist Gerrit Hager. Syn ballades foelen goed yn ’e smaak. In pear lieten waarden begelaat troch it ûnfersterke korps. Spitigernôch foel dat fuort tsjin de fersterke piano, mar der kaam in werkânsing. Oan ’e ein fan it konsert koe it korps him nochris jilde litte mei it liet Op een dag drink je geen Grolsch meer, dat fleurich meisongen waard troch it publyk.
Dat it konsert fergees wie hie alles te krijen mei in subsydzje dy’t Teater Snits taskikt krigen hie. Wethâlder Hans van den Broek hie yndertiid foar de produksje fan de Fanfare yn 2006, by de Stúverse Bruggen, in bedrach fan 20 tûzen euro tasein. Letter kaam er dêrop werom. Uteinlik waard it in rjochtsaak. Lang om let krige Teater Snits in subsydzjebedrach fan 1500 euro. Besmet jild, neamde de foarsitter it. Mar dêrmei koene se wol in feestje bouwe: dit evenemint. It konsert kriget fêst in ferfolch, sleat de foarsitter tefreden ôf, mei sok waar, sa’n soad minsken en sokke moaie bydragen koe it barren net mear stikken.

Iepenloftkonsert mei Snitser Fanfarekorps de Harmonie en Concordia út Drylts, dichteres Yva Hokwerda en sjonger Gerrit Breteler, Camping Pasveer yn Loaiïngea, 450 besikers 


GERBRICH VAN DER MEER + Friesch Dagblad