Alde toaniel voorstellingen
·
Foto's
·
Ald Nijs
·
Skiednis
·
Bonte Sneeker avond
Alde toaniel voorstellingen
Teater Snits mei ‘ It bêd fan A oant Sêd ’
It stik, in blijspul yn 9 tafrielen fan Lode Pools yn in oersetting fan J.Visser – Popma, stiet ûnder rezjy fan Sylvia Beintema.
Yn alle sênes komt it publyk yn’e kunde mei twa minsken, dy’t in stikje fan har libben mei jim diele. It stik spielet foar in grut part yn’t selde dekor, en hieltyd stiet der in bêd, mar troch lytse feroaringen binne jim hieltyd op in oar plak.
Moetsje bygelyks Bert en Martsje. Twa minsken dy’t in skoft lyn besletten ha dat it bêd it bêste plak is om te wêzen. Binne sy it begjin fan in rest-rage yn’t lân? Lústerje nei it ferhaal fan in heit dy’t syn dochter op in frjemd plak tsjinkomt. En wat soe mem dêr wol net fan sizze? En wat te tinken fan Kristine en Boukje, twa froulju , wêr’t dan noch in treddenien by yn’t spul is. Jan is bliid mei syn tinnen panne, mar soe hy ek sa bliid wêze kinne mei in nije hobby? En wa hat yn Daddy’s Hobby no wa te fiter.
Foto-ûnderskrift: Toanielploech Teater Snis spilet ‘ It bêd fan A oant Sêd ’


‘ It bêd fan a oant sêd ’ in boppeslach!
Mar leafst 700 besikers hawwe de winterútfieringen fan Teater Snits besocht. Dat mei in boppeslach neamd wurde! Mar net it tal besikers wie ferrassend heech, ‘It bêd fan a oant sêd ’it blijspul yn 9 koarte tafrielen fan Lode Pools, fertsjinnet dat predikaat ek. Regiseuze Sylvia Beintema kin dan ek foldwaan weromsjen op har debút. Dizze toanielproduksje hat foar elck wat wils. Wat benammen opfoel wie it flotte spyljen, der siet in enoarm stik dynamyk yn it gehiel. It sobere mar prachtige dekor ( Jan Sluyter en Willem van Netten ) liende him by útstek foar de njoggen koarte tafrielen. In libbensecht bêd mei foar alle sênes hieltyd nije dekbêden yn in sliepkeamer fan swarte koulizen. Hiel funksjoniel.
Yn Nachtbrakerij spylje Sjoerd Stenekes en Durkje van der Ploeg in echtpear dat op dochterleaf wachtet dy’t foar it earst mei de auto op stap is. De lakonieke Stenekes jout syn frou Durkje alle gelegenheid om yn har rol te skitterjen. Ferrasend is de plot fan it stik.
Yn Requiescat steane Martin de Boer en Rudina van Solkema-Rienstra op de bühne. Van Solkema, in ervaren toanielspylster, en de jonge Martin as debútant betreure de dea fan in ferûngelokke echtgenoat en goekunde. Yn de meast tryste rollen is Van Solkema op har bêst en Martin kin weromsjen op in goed debút.
In oare debutant, René Hylkema, hie in hearlike rol yn Daddy’s hobby. Syn underkuolle humor kaam prima oer!
Klaas Visser en Antsje Tjalsma – van Dijk krije de seal goed oan it laitsjen mei it komise tafriel Pensjoen. Te faak sjogge wy toanielspilers dy’t in rol fan alkoholisten oerdreaun delsette. Visser docht dat krekt net en komt sa naturel oer.
Yn it lêste tafriel foar it skoft. De barmhertige samaritaan, is der in glânsrol weilein foar Jan Sluyter. Dizze rastoanielspiler pakt it públyk fan begjin oant ein by de strot. Hiel ymponearjend hoe’t Sluyter syn deasike buorfrou opfleuret. Wreed en humoristys tagelyk.
Nei it skoft noch in kwartet koarte tafrielen mei as earste Stille wetters stjonke. In absurdistys stik dat troch twa ervaren toanielspilers. Yede van Dijk en Sytske Dullemond foartreflik en oerstjoegjend brocht wurdt. Troch de opstelling, in steand bêd, ek achter yn de seal goed te folgjen.
Dat leafdestrou ek op it toaniel in farce is litte Harmina Faber en Rudina van Solkema sjen yn Oant freed.
Sjoerd Stenekes en op’e nij Rudina van Solkema litte yn Partnerruil sjen dat it bêd diele mei in oar ek net je fan het is. It tyspeljen mei in blauwe string yn’e hanen binne details, mar falt wol op.
As lêste tafriel wurdt Hotel ‘ Belle Vue ’, wurdt un hilarys stik mei Yede van Dyk en Harmina Faber op tige komise wize op’e planken brocht. Moaie rollen om te spyljen en it komt der dan ek oertsjûgjend út.
Gearfette in noflike toanieljûn, mei in grut ferskaat oan stikken dat it manmachtich opkommen publyk boeide fan begjin oant ein. Sa mei it om my wol faker









.

Toneelver. Mei Inoar Ien ut Drylts.
Dokterke boartsje. Blijspul. Koarte omskriuwing:
De van bankroof verdachte Arie van Zanten, op de vlucht voor de politie,
loopt het eerste gebouw in dat hij tegenkomt. Uit een kast pakt hij een
witte jas en trekt deze aan. Als hij het gebouw verlaten wil komt hij
hoofdzuster Gerda tegen, die in de veronderstelling is dat de
plaatsvervangende dokter Van Vliet is aangekomen. Omdat er steeds
politieauto's in de buurt rondrijden, blijft er voor Arie niets anders over
dan de dokter te spelen, met alle gevolgen van dien.
Spelers:
Arie - bankrover/afdelingsdokter - Gerard Hamersma
Gerda - hoofdzuster - Ida Koopmans
Bob - verpleegkundige - Jan Sluyter
Miep - afdelingshulp - Hotske de Vries
Petronella - non - Corry Metselaar
Edwin - patiënt - Harm Lageveen
Chris - patiënt - Sjoerd Wiebenga
Annie - patiënt - Nina de Vries
Regie: Teunis Ram
Souffleuse: Sietske Bouma
Oare datum
De maaitiidsgearkomsten fan Teater Snits binne ferkood. Earst soe der op 16 en 17 maart spile wurde, mar dat wurdt no 23 en 24 maart. Kontraktearre is Mei inoar ien fan Drylst. Opfierd wurdt it fleurige stik 'Dokterke boartsje'. Lokaasje is de Walrus, it eardere partysintrum Van der Wal.


























Voor kaarten kunt u terecht bij! Puk's Copy-Shop. Scharnestraat 15 8601 BB Sneek. Tel 0515-432044
NEIPETEAR SNITSER HÚSFROULJU’S FERZJE FAN MACBETH.
Ôfrûne woansdei 30 jannewaris 2008 ha de spilers en regisseur fan it jannewarisstik in neipetear hân mei de karmasters fan it Boun fan Fryske Toanielselskippen.
In neipetear is tige ynteressant om’t der kritysk sjoen wurdt nei:
· De kar fan it stik;
· De prestaasje fan spyljen;
· De presintaasje en dekorbou;
· De opfetting en de rezjy fan it stik.
Guon jonge spilers en spylsters (mar ek de betûfte) wachtsje faaks mei spanning ôf hoe as it op de minsken fan it Boun oerkaam is…….en diz’kear wiene se tige optein! Neffens de karmasters hiene de spilers fan Teater Snits in skitterjende foarstelling sjen litten dy’t oan alle easken fan in klucht foldie. Se ferlearen harren hielendal yn it MacBeth ferhaal en de timing wie perfekt. Dit liket mar poerbêst fansels; no mar ôfwachtsje hokker punten it opsmite sil foar de Toaniel-Kriich. Op 18 & 19 april binne de Slútjûnen en dan witte we mear.
"Aloha" Toneel avondje!!!

Ja dokter, nee dokter fan Paul Rodenko
De ferneamde seksuolooch dokter Westerhuis beskôget de relaasje tusken man en frou as in trijehoek. Om dit út te byldzjen nimt hy ús mei nei it echtpear Haring en Elske Martens.
Nei ferrin fan jierren krijt elts houlik wol wat saais oer him en om de trijehoek kompleet te krijen komt in tredde personaazje om de hoeke sjen. Dat liedt ta komyske situaasjes wêryn Haring frjemd giet mei dyn eigen frou.
Ik winskje jimme in noflike jun. Germ Stenekes, regisseur
Wa stean op ‘e planken? Ja dokter, nee dokter wurdt brocht troch:
Frouwke Kuipers, Durkje van der Ploeg Erik Bosma en Arnold Brouwer
Wa wurkje fierder mei? Paul Rodenko - skriuwer Freark Dam - Fryske oersetting Germ Stenekes - bewurking en regisseur Janny Jedzrijak - ynstekster Ane Silvius - ombollingen Tjalling de Haas - dekôr Henk Blauw - dekôr Albert Keizer - lûd en ljocht Margryt Franckena - grime
Hoe binne de jûnen yndield?
Freed 19.30 seal iepen 20.00 iepening troch de foarsitter 20.05 it mei-inoar sjongen fan it Frysk Folksliet 20.10 earste bedriuw Ja dokter, nee dokter
skoft mei ferlotting twadde bedriuw Ja dokter, nee dokter
Nei ôfrin is elk wolkom yn Onder de Linden foar it deldrinken fan in slokje en koart neipetear
Sneon 19.30 seal iepen 20.00 iepening troch de foarsitter 20.05 it mei-inoar sjongen fan it Frysk Folksliet 20.11 earste bedriuw Ja dokter, nee dokter
skoft mei ferlotting twadde bedriuw Ja dokter, nee dokter
Nei ôfrin dûnsjen yn Onder de Linden mei meiwurking fan it orkest Let’s Dance.
(zie ook www.orkestletsdance.nl)









.












.
 
 
 
 















.
Teater Snits winner Eareklasse Toanielkriich
Toanielferiening Teater Snits hat justerjûn de earste priis yn de Eareklasse fan de Fryske Toanielkriich yn ûtfangst nommen. De oarkonde en jildbedrach fan € 150 waard útrikt yn in grôtfolle Grutte Seal fan de Lawei yn Drachten. Teater Snits fertsjinne it goud yn de heechste klasse fan de Stichting Amateurtoaniel Fryslân ( STAF ) mei de klucht Och heden heit fan Ray Cooney ûnder rezjy fan Theun Ram. De Sniter toanielspilers krigen 262 punten fan de karmasters. Twa punten mear as it Huzumer toaniel mei Bitter Lemon, dat ûnder rezjy fan Snitser Wiesje Jansma op’e planken brocht waard. Algehiele winner fan de Fryskie toanielkriich waard Earsteklasser Op Nij Feriene út Bantegea mei it stik Fûgels. Fan harte speulers en regisseur fan Teater Snits!
|